Wêrom soenen jo lid wurde fan Teater Snits?

 

Der binne eins twa goeie redenen:

Teater Snits organisearret twa kear yn in winterskoft  in toanieljûn.
Of de eigen ploech of  in oar selskip stiet op de planken fan
Theater Sneek mei meastentiids in fleurich stik.
Nei ôfrin is der noch efkes tiid foar in slokje en op sneontejûn kin der ek dûnse wurde.
Oars sein: twa kear yn it jier in noflike Fryske jûn.

 

De Bonte Sneker Avonden komme fuort út in inisjatyf fan Teater Snits mar
binne bedoeld foar in breed publyk. En dat publyk dat is der, sa docht alle jierren wer bliken.
Meast binne de kaarten yn in dei ferkocht.

Dat komt mei om’t de leden fan Teater Snits in wike earder as de net-leden kaartsjes keapje meie.

Dat is dus de twadde goeie reden om lid te wurden fan Teater Snits:

je binne wis fan in plakje op it jierdeisfeest fan frou De Jong fan de Stienklip. 

 

 

Hoe kinne je lid wurde fan Teater Snits?

Stjoer in mail nei:  ledeadministraasje@teatersnits.frl

Jo krije dan fansels de programmaboekjes foar de útfieringen tastjoerd en jo krije berjocht wannear de kaartferkeap fan de Bûnte jûnen úteinset. 

We hawwe graach dat jo ús machtigje;  dan ha jo, noch wy, der wurk fan!

 

As jo leaver in briefke skriuwe wolle: de Eker 56, 8604 VB Snits. 

 

It lidmaatskip kostet € 10 (ien persoan) en € 20 (twa persoanen) per jier.

Dermei kinne jo mei 2 minsken nei de toanielfoarstellingen. 

 

De tagong foar de BSA sit hjir net by yn: derfoar freegje wy in bydrage fan € 12,50 p.p. foar leden,  net leden € 15,00 p.p.

As jo lid binne fan Teater Snitskrije jo de gelegenheit om kaartsjes foar de BSA te keapjen, foardat dizze yn de frije ferkeap komme.