previous arrow
next arrow
Slider
Spytigernoch is it stik “Fjochtsje om Leafde” fanwege de corona-pandemy fan 3 en 4 april annulearre.
Fryske Krite De Jouwer spylet  “Fjochtsje om Leafde”

De Frânske skriuwster Josiane Balasko is ferantwurdlik foar Un Grand Cri d’Amour. Yn it Nederlânsk hjit it stik Vallende Sterren, oerset troch Shireen Strooker. Gurbe Dijkstra hat it oerset nei it Frysk. Fjochtsje om Leafde is in komeedzje mei fiif minsken.

Gigi en Hugo wiene earder troud en beide grutte stjerren op it toaniel. Nei dat Hugo in slipperke makke hat binne se skieden en ha se elkoar in hiel skoft net sjoen, lit stean mei elkoar praat. No wol in produsint se beide brûke yn in nij stik, mar it falt net ta om Gigi en Hugo safier te krijen. It slagget al om se oan it repetearjen te krijen, mar dat giet net fansels. De iene nei de oare rint út de repetysjeromte wei omdat er de oare net útstean kin. By eintsjebeslút slagget it al en dan blike Gigi en Hugo it mear iens te wêzen as de regisseur en de produsint. De foarstelling wurdt in foltreffer.

 

—————————————————————————————-

“170 jier Teater Snits “ 
Wat ea begȗn mei toanielferiening Krite Snits en letter yn gearwurking mei Snitser Frysk Toaniel, is útgroeit ta ien fan de grutste ferienings fan Snits en omkriten : 
 TEATER SNITS!

 

We binne dit jubileum winterskoft 2019/2020 al wer drok dwaende mei grutte plannen. 

 

Yn 2020 fynt der in bestjoerswikseling plak en dȇrom sykje wy nije entȗsjaste bestjoersleden. 
Fielst  dy belutsen by toaniel in it algemien en frysk toaniel yn it bysȗnder en wolst  it bestjoer  fersterkje dan kinst  dy oanmelde as kandidaat fia email: info@teatersnits.frl 
Of belje mei ȗs foarsitter Boudewijn de Ree : 06-37655754